Drachtster Boys begjinne earedifyzjeseizoen mei oerwinning

13 sep 2019 - 22:51

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys binne it nije seizoen goed begûn. Yn Drachten waard ZVV Den Haag mei 3-0 ferslein.

Foto: Tibbesma Fotografie

De teams giene yn it begjin fan de wedstriid lykop sûnder in soad kânsen. Krekt foar it skoft begûnen de Drachtster Boys kânsen te krijen. Dêr kaam ek in goal út, doe Simone Hofer op snelheid de ferdigening foarby gie en de 1-0 deryn skeat.

Yn de twadde helte koe Drachtster Boys de foarsprong útwreidzje. In oanfal gie net hielendal goed, mar trochdat de keeper ferkeard stie, koe Mellanie Elzinga de 2-0 deryn sjitte. Tsien tellen foar tiid waard it noch 3-0 troch in goal fan Jessie Prijs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)