Opnij goud foar Liesette Bruinsma op wrâldkampioenskip

13 sep 2019 - 22:30

Paraswimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat opnij goud pakt op it Wrâldkampioenskip yn Londen. Freedtejûn wie se ek op de 100 meter frije slach de bêste.

Foto: www.orangepictures.nl

Bruinsma wie mei in tiid fan 1:07.26 rapper dan har Oekraynske konkurrinte Maryna Piddubna, dy't 1:07.92 notearde. Li Guizhu út Sina waard tredde mei 1:08.30.

Suksesfol WK

It is oant no ta in suksesfol wrâldkampioenskip foar Bruinsma. Se helle earder al goud op de 200 meter wikselslach en pakte sulver op de 50 meter frije slach en de 100 meter skoalleslach. Sneon swimt sy har lêste ôfstân, de 400 meter frije slach.

(advertinsje)
(advertinsje)