Utmeitsjen fjoer Muntsjesyl giet noch pear dagen troch

13 sep 2019 - 22:21

De brânwacht sil nei alle gedachten noch in oantal dagen dwaande wêze mei it neidwêsten fan de brân yn in loads yn Muntsjesyl. De brân yn de loads fan in striehannel oan de Nitterswei ûntstie freedtemoarn om likernôch 7.00 oere. By de bestriding fan de brân binne korpsen út de hiele regio ynset.

Foto: ProNews

Mei behelp fan shovels waard de grutte bulte mei strie út elkoar lutsen en ôfdwêsten. Fanwege de hjitte moast de brânwacht de shovels tuskentroch kuolje, om te foarkommen dat dy skea oprinne soene.

De brânwacht sil mei meardere weinen paraat stean bliuwe om de brân ûnder kontrôle hâlde te kinnen. Dêrfoar wurdt ûnder oare gebrûk makke fan in skomdwêstwein út Grins. Fierder is it korps fan Boalsert oanwêzch mei in spesjale wein en dat fan It Hearrenfean mei inkelde kilometers wetterslang foar de oanfier fan wetter.

(advertinsje)
(advertinsje)