SC Cambuur maklik foarby Helmond Sport

13 sep 2019 - 22:00

Sportklub Cambuur hat freedtejûn in maklike oerwinning boekt op Helmond Sport. Yn it Cambuurstadion waard it 5-1. By it skoft wie it al 3-0.

Robert Mühren skoart de 1-0 - Foto: www.orange-pictures.nl

De Ljouwerters, mei Oratmangoen foar it earst yn de basis begûnen oanfallend en krigen al gau in pear kânsen. It duorre ek net lang foar't ien fan dy kânsen raak gie. Nei tweintich minuten iepene Robert Mühren de skoare troch in stekbal fan Robin Maulun efter Helmond-keeper Van Gassel te lizzen.

In goede minút letter like Cambuur al wer te skoaren. Oratmangoen tocht úthelje te kinnen, mar waard op it lêste momint tsjinholden. Nei in healoere spyljen waard it dochs 2-0 neidat Issa Kallon op snelheid syn man foarby gong en foarsette. Jamie Jacobs koe de bal sa deryn tikje.

Prachtige goal Oratmangoen

It duorre dêrnei net lang foar't de Ljouwerters ek op 3-0 kamen. Ragnar Ortamangoen seach dat keeper Van Gassel te fier foar syn goal stie en stifte de bal oer him hinne.

Cambuur gong yn de twadde helte gewoan troch mei skoaren. Nei in goeie kombinaasje fan Kallon en Jacobs krige Maulun de bal. Hy like him fêst te draaien, mar koe dochs úthelje en de bal yn de fiere hoeke sjitte. Net folle letter tocht Kallon de 5-0 te meitsjen, mar hy stie bûtenspul.

Tweintich minuten foar tiid makke Helmond Sport noch in earetreffer. Dzepar kopte in bal raak.

Penalty's

Yn de 80e minút gong Jordy van Deelen del yn it strafskopgebiet. Hy rekkene op in strafskop, mar krige dy net. Tsien minuten letter barde itselde by Akoy, skiedsrjochter Christiaan Bax fûn dat wol in penalty. Delano Ladan fersulvere dy en soarge sa foar de 5-1 einstân.

SC Cambuur - Helmond Sport: 19. Robert Mühren 1-0, 29. Jamie Jacobs 2-0, 32, Ragnar Oratmangoen 3-0, 48. Robin Maulun 4-0, 69. Orhan Dzepar 4-1, 90. Delano Ladan 5-1 (pen.).

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Van Deelen, Mac-Intosh (85/ Van der Kaap), Schouten, Sambissa; Jacobs (60/ Akoy), Hoedemakers, Maulun; Oratmangoen, Mühren (74/ Ladan), Kallon.

(advertinsje)
(advertinsje)