Froulju Hearrenfean pakke earste trije punten tsjin Alkmaar

13 sep 2019 - 21:54

De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn mei 3-1 wûn fan VV Alkmaar. It wie de earste winst fan it seizoen. De goals kamen fan Tiny Hoekstra, Kerstin Casparij en Laura Strik.

Foto: ProNews

Hearrenfean helle oant no ta ien punt en skoarde noch mar ien kear. Tsjin Alkmaar kaam der lykwols gau feroaring yn. Al nei acht minuten iepene Tiny Hoekstra de skoare troch in foarset fan Suzanne Admiraal binnen te koppen. In kertier letter waard it ek 2-0 doe in foarset fan Kerstin Casparij samar binnen foel. Dat wie ek de stân by skoft.

Goed in kertier nei it skoft kaam Alkmaar werom yn de wedstriid troch in goal fan Silvie van der Plas. De oerwinning kaam lykwols net mear yn gefaar, want Laura Strik soarche yn de 73e minút foar de 3-1.

(advertinsje)
(advertinsje)