Follyballers mei Van Solkema begjinne EK mei winst: "Het is lekker om zo te starten"

13 sep 2019 - 21:49

It Nederlânske follybalteam hat freedtejûn syn earste wedstriid op it Europeesk kampioenskip wûn. Yn Rotterdam waard Montenegro mei 3-0 ferslein. Gijs van Solkema fan Snits die alle trije sets mei.

Foto: www.orange-pictures.nl

Nederlân hie net folle muoite mei Montenegro. Yn de earste set waard it 25-13, de twadde set einige yn 25-17 en de tredde waard mei 25-15 wûn.

Gijs van Solkema die de hiele wedstriid mei en skoarde in punt. Hy servearre ek 16 kear en wie dêryn flaterfrij. Hy wie tefreden oer it resultaat. "We hebben gefocust gespeeld, er niet te gemakkelijk over gedacht. Het is lekker om zo te starten, absoluut," sei de spulferdieler tsjin de NOS.

Hy fielde gjin druk by syn earste EK-wedstriid. "Druk? De jongens leggen me niet veel druk op, ze halen het eerder nog van me af. Ze helpen me goed. Ik doe m'n ding,"

Europeesk kampioenskip

It wie de earste wedstriid fan de pûlfaze fan it Europeesk kampioenskip follybal. Nederlân spilet sneon opnij, dan is Oekraïne de tsjinstanner.

(advertinsje)
(advertinsje)