The Voice Senior-aventoer hâldt op foar Inez Timmer

13 sep 2019 - 21:47

Aktrise en sjongeres Inez Timmer (64) út Weidum hat it freedtejûn net ta de finale fan The Voice Senior skopt. Dêrmei hâldt it telefyzjeaventoer foar har op.

Inez Timmer - Foto: Eigen foto

Timmer hie der yn 'The Knockouts' foar keazen om You Don't Have To Say You Love Me fan Dusty Springfield te sjongen. Mar de sjuery fûn it net goed genôch foar in finaleplak.

Audysje

Foarige wike die Timmer audysje foar it telefyzjeprogramma. Ilse de Lange draaide har as earste om fan de fjouwer sjueryleden. "Je stem is zo ongelooflijk mooi, echt fantastisch!", sei se nei ôfrin. Angela Groothuizen neamde Timmer in "prachtige verschijning, met een heel mooie zangstem en een heel mooie spreekstem".

(advertinsje)
(advertinsje)