Nei alle gedachten gjin ferbân tusken brannen yn deselde flat

13 sep 2019 - 21:17

Der is gjin oanlieding om te tinken dat der in ferbân is tusken de twa brannen yn ien en deselde portykflat oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert, ein augustus. Dat seit wurdfierder Ernest Zinsmeyer fan de plysje.

Foto: Anton Kappers

De earste kear dat der brân útbruts by it gebou út de jierren 50, wie it yn in wenning. Dêrby hâldt de plysje rekken mei brânstichting.

In pear dagen letter wie der yn itselde gebou wer brân, mar doe gie it om in kelderboks. It is net dúdlik wat dêr de oarsaak fan is. Brânstichting falt net út te sluten, mar it soe likegoed koartsluting west ha kinne, seit Zinsmeyer. Omwenners hiene in hurde knal heard by it ûntstean fan de brân.

(advertinsje)
(advertinsje)