Darter Raymond Brink hat it rêden: 72 oeren darte foar ALS

13 sep 2019 - 21:13

Raymond Brink fan Drachten hat 72 oeren lang darten en hat dêrmei in nij wrâldrekôr delsetten. Hy die de rekôrpoging om jild yn te sammeljen foar de spiersykte ALS.

Tiisdeitemiddei om 13.00 oere sette de heroyske poging útein. Alle oeren krige Brink tolve minuten rêst. Dy tiid koe er ek opsparje, om letter langer skoft te nimmen.

Dochs wie der op 'e ein hielendal stikken. Sa no en dan moast der even op syn barkruk sitte om troch te smiten. Syn frou helle de darts foar him út it boerd.

Mar hy hat it rêden! Hoefolle jild der krekt ynsammele is foar ûndersyk nei ALS, is noch net bekend. Der kin noch altyd donearre wurde. Sneontejûn is der op it Thalenpark yn Drachten ek noch in benefytkonsert.

De oanwêzigen telle ôf

(advertinsje)
(advertinsje)