Wyk Nijlân yn Ljouwert hat nije duorsume sporthal

Nei jierren fan tarieding is de enerzjyneutrale en gasleaze Sporthal yn de Ljouwerter wyk Nijlân klear. De hal waard freedtemiddei offisjeel iepene.
De nije duorsume sporthal © Van Wijnen
De nije sporthal is ta stân kommen troch in gearwurking tusken de Leeuwarder Zwaluwen, Van Wijnen, de gemeente Ljouwert, ABN AMRO, BV Sport, ûnderwiis, sportferienings en de wyk. De sporthal biedt ûnderdak oan de Leeuwarder Zwaluwen, mar ek skoallen, wyksintra, sportferienings en it CIOS.
"In het kader van de transformatie die de wijk Nijlân doormaakt, ontwikkelden wij een betekenisvolle plek dichtbij bewoners en gebruikers waar heel veel dingen samen komen", leit projektûntwikkelder Van Wijnen út. It kompleks is gasleas en op it dak leit sa'n 800 kante meter oan sinnepanielen.