Noppert wint earste partij op International Darts Open yn Riesa

13 sep 2019 - 20:21

Darter Danny Noppert is troch nei de twadde ronde fan it International Darts Open yn Riesa. De 28-jierrige Jouster wûn freedtemiddei yn in beslissende leg fan Mickey Mansell út Noard-Ierlân.

Foto: Orange Pictures

Noppert hie dêrfoar wol wat lok nedich. By in stân fan 5-5 wie it de Noard-Ier dy't as earste de kâns op winst krige. Mansell koe lykwols de restearjende fjirtich punten net útsmite en dêrnei gie Noppert der fia dûbel acht mei de winst fan troch.

Sneontemiddei spilet de Jouster yn de twadde ronde tsjin Daryl Gurney, de nûmer trije fan de wrâld. Dat wurdt in pittige wedstriid, mar in oerwinning is foar Noppert eins wol nedich, wol hy kâns hâlde bliuwe op pleatsing foar it EK.

Heale finale

Op it International Darts Open yn Riesa wie Noppert foarich jier noch goed foar in heale finale. Dat is oant no ta noch hieltyd syn bêste prestaasje op in European Tour. Der komt dit jier noch ien Europeesk toernoai, yn Gibraltar. Takom jier septimber, yn it nije seizoen, komt der in toernoai yn Ljouwert.

Danny Noppert troch nei de twadde ronde yn Riesa

De European Tours fan de PDC binne meardere toernoaien yn it jier dy't op it Europeeske fêstelân spile wurde. Alle resultaten op dy European Tours telle mei foar pleatsing foar it Europeesk kampioenskip, dat ein oktober hâlden wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)