Twa Ljouwerters keninklik ûnderskieden

13 sep 2019 - 19:56

Twa Ljouwerters binne freedtemiddei troch boargemaster Buma keninklik ûnderskieden. Frou A.R. Autar-Etwaroe en de hear R. Sital binne beiden beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Foto: Omrop Fryslân

Frou Autar-Etwaroe waard op 31 jannewaris 1962 berne yn Paramaribo, Suriname. Se is regiokoördinator Fryslân by de Nederlandse Hindoe Ouderenbond. Dêrneist is se sekretaris/ponghâlder fan Stichting Cultureel Centrum Mahatma Gandhi, bestjoerslid fan Stichting Surinaams Hindoestaanse Ouderen Organisatie en frijwilliger by it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden, allegear yn Ljouwert. Ek wie se mei-oprjochter en frijwilliger by it Ljouwerter Vrouwencentrum De Klaproos.

De hear Sital waard berne op 11 septimber 1963 yn Suriname. Hy is frijwilliger by Stichting Woongroep Bharti Bhawan yn Ljouwert, dêr't hy foargonger is en hillige sitaten út de Vedyske geskriften foarlêst en oerset nei hjoed de dei. Ek is er bestjoerslid fan Stichting Cultureel Centrum Mahatma Gandhi yn Ljouwert. Dêr jout er foarljochting oer it Hindoeïsme en ferskate geloven by elkoar bringt. Ek is er kontaktpersoan foar Kleurrijk Fryslân. Neist al dy aktiviteiten is er ek noch ris mantelsoarger.

(advertinsje)
(advertinsje)