Veerman yn de basis, Bruijn op de bank by SC Hearrenfean tsjin Ajax

13 sep 2019 - 19:10

Hearrenfean-trainer Johnny Jansen wol de basisopstelling net jaan, mar Joey Veerman spilet foar Jordy Bruijn yn de wedstriid tsjin Ajax fan sneon. De Volendamse middenfjilder foel ferline wike tsjin Fortuna Sittard noch yn, mar mei no yn de basis starte yn de Johan Cruijff Arena.

Johnny Jansen jout faak syn opstelling wol priis, mar wol dat foar de wedstriid tsjin Ajax net dwaan. "We willen een aantal zaken anders doen en gaan dat niet vooraf bekend maken." Jansen sil ien wiziging tapasse. Wa't de training goed besjocht, sjocht dat Veerman it plak yn nimt fan Bruijn.

Ajax is fansels de kampioen en de grutte favoryt foar de titel dit jier. "Maar we gaan wel proberen mee te voetballen. Dat hebben we vorig jaar ook gedaan (4-4) en dat beviel goed."

Sven Botman wurdt hierd fan Ajax. De ferdediger hat noch altyd kontakt mei in soad spilers. "Ik ben wel een echte Ajacied. Ik speel al mijn hele leven bij Ajax, maar concentreer me nu volledig op Heerenveen."

De ferdigener lit oant no ta sjen in echte fersterking te wêzen foar Hearrenfean. "Ik denk dat het goed gaat, maar nog wat meer geluk nodig hebben. We scoren te weinig, maar dat gaat echt wel veranderen."

Foto: Orange Pictures

Opstelling: Hahn, Floranus, Botman, Dresevic, Woudenberg, Faik, Kongolo, Veerman, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

(advertinsje)
(advertinsje)