Ljouwerter studinte Kelly de Haan is Prinsjesburger fan it jier

Kelly de Haan út Ljouwert hat de Prinsjesburgerpriis 2019 wûn. De 21-jierrige studinte fan it Friesland College krige de priis nei in besiele ferhaal oer oandacht foar boargerskip yn it ûnderwiis. De Prinsjesburgerpriis is in wedstriid foar mbû-skoallen út it hiele lân.
Kelly de Haan
De ferkiezing fan de Prinsjesburger is dit jier ûnderdiel fan it Prinsjesfestival, yn de oanrin nei Prinsedei, takom tiisdei. De Haan krige de priis freed yn Den Haag út hannen fan Jan Antonie Bruijn, foarsitter fan de Earste Keamer.
Foar sa'n 400 minsken fertelde De Haan dat boargerskip in saak is fan 'oeral en altyd'. Sa ha de Feriene Naasjes oanjûn hoe't we gearwurkje kinne oan in bettere en duorsumere wrâld. Foar dy doelen moat yn it ûnderwiis ek mear omtinken komme. De Haan die har ferhaal út namme fan it Leerbedrijf Invloed Studenten fan it Friesland College.
Kelly de Haan en Jan Anthonie Bruijn © Friesland College
Kelly de Haan oer har priis
De Haan fertelde oer it festival Global Land, dêr't de studinten projekten dogge dy't mei dy wrâldwide doelen te krijen ha. Se makke sels mei kliïnten út de ferslavingssoarch yn Ljouwert in keunstobjekt. "Ik wilde zo laten weten dat zij ook gewone burgers zijn, net als jij en ik."

"Dit is vet"

Foar't se op it poadium stie, fûn De Haan it spannend, mar úteinlik foel it ta. "Toen ik daar op het podium stond, dacht ik vooral: dit is vet!"
Sjueryfoarsitter Tanja Jadnanansing, âld-Twadde Keamerlid, wie fol lof foar De Haan. "We hebben verschillende mooie presentaties gezien", sei se by de priisútrikking. "Maar er was eentje die er met kop en schouders bovenuit stak: Kelly!"
Kelly de Haan © Friesland College