Tytsjerksteradiel yn brief oan provinsje: doch wat oan steuringen brêge

De provinsje moat sa gau mooglik wat dwaan oan de problemen mei de brêge Burgumerdaam yn Burgum. Dat fynt de gemeente Tytsjerksteradiel. De brêge hat geregeld te krijen mei lange steuringen. De gemeente hat der skjin syn nocht fan en hat dêrom in brief oan deputearre Avine Fokkens skreaun.
© De Vries Media
Der giet in soad ferkear oer hinne en de steuringen soargje foar gefaarlike situaasjes. Helptsjinsten moatte fier omride, as de brêge der wer útleit en de tsjinstregeling fan Arriva rekket ek yn de hobbel.
Yn de measte gefallen hat in monteur de problemen gau oplost, mar it duorret fierstente lang foardat sa'n monteur der is, seit de gemeente. Dy wol no sa gau mooglik mei de provinsje om de tafel.