Paracycler Tristan Bangma giet foar WK-titel

13 sep 2019 - 17:12

Tristan Bangma (21) út Donkerbroek is talintfol hurdfytser mei in fisuele beheining. Yn 2016 wûn hy tegearre mei Teun Mulder al Olympysk goud op de 1 kilometer-tiidrit op 'e baan. No fytst hy mei Patrick Bos en is er tige suksesfol op 'e dyk.

Tristan Bangma op jacht nei WK titel

Op de tandem wûnen se al ferskate WK-medaljes en ek in pear wrâldbekerwedstriden, mar der ûntbrekt noch ien ding: goud op it WK. Sneon sille se op jacht nei de reinbôgetrui yn de wedstriid oer 110 kilometer op it WK Paracycling yn Emmen.

As jonkje fan 14 jier kaam Tristan Bangma al yn byld by bûnscoach Eelke van der Wal. Nei it sprintsukses yn Rio tinkt Van der Wal dat Bangma no better út 'e farve komme sil op wat langere ûnderdielen.

Op de Olympyske Spelen yn 2020 yn Tokio wurdt ynset op de 4 kilometer tiidrit, en ek de wedstriid op 'e dyk is yn byld foar Olympysk goud.

Tristan Bangma, Bos en Eelke van der Wal

(Advertinsje)
(Advertinsje)