Adriaan Jansen treedt ôf as bestjoersfoarsitter GGZ Fryslân

13 sep 2019 - 16:31

GGZ Fryslân-bestjoersfoarsitter Adriaan Jansen hat dizze wike witte litten dat er syn funksje kommend jier delleit. Jansen hat sân jier lang oan it roer stien fan de organisaasje.

Foto: GGZ Fryslân

Jansen begûn syn karriêre begjin jierren 70 as ferpleechkundige en is oplaat ta klinysk psycholooch. Foardat er yn oktober 2012 by GGZ Fryslân kaam, wie er bestjoersfoarsitter by GGZ Noard-Hollân-Noard.

De Raad van Toezicht sil yn it neijier op 'e syk nei in opfolger foar Jansen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)