Omrop Fryslân en De Hûnekop: "Wy kinne net in grut stek om ús taal sette"

13 sep 2019 - 16:29

Der wurdt mear Frysk skreaun as ea tefoaren, jongfolk dielt massaal Fryske 'memes' en de Fryske band De Hûnekop is populêr by in breed publyk. Yn de Fryslân DOK Dit is ús taal ûndersiket programmamakker Miranda Werkman wat it effekt dêrfan is op de Fryske taal en taalbelibbing en hoe't it krekt kin dat Frysk sa populêr is by jongerein. Omrop Fryslân stjoert dit wykein ek de teätershow fan De Hûnekop út en dêrom leinen wy Emiel Stoffers fan De Hûnekop en Miranda in tal fragen foar.

Foto: Omrop Fryslân

Miranda, wat wie krekt de oanlieding om dizze dokumintêre te meitsjen?

"It grutste projekt fan LF2018 wie Lân fan taal. Ik ha doe ferskate Friezen om utens ynterviewd en harren frege wannear't sy it meast nei thús langje. Fansels gie it dan ek oer de taal. Sa kaam ik yn kontakt mei Lysbeth, dy't ûndersyk die nei it taalgebrûk fan Friezen om utens én ek nei it taalgebrûk fan De Hûnekop. Dat fûn ik wol nijsgjirrich. Yn eigen doarp seach ik dat jongeren oan 'e gong wiene om sels memes te meitsjen en dus sa ek, op harren eigen wize, mei it Frysk oan de gong wiene. Yntern prate we in soad oer it Frysk. Je fiele dat der wol wat geande is. Dat woe ik besykje te fangen."

Emiel, jimme taalgebrûk yn it Frysk is in ûnderdiel fan dizze dokumintêre wurden. Fiele jim jim ek ferantwurdlik foar it brûken fan de Fryske taal?

"Neu, hielendal net eins."

Miranda, wat is de wichtichste konklúzje út dyn dokumintêre?

"Wat wolle wy sels mei it Frysk? Tinke we út it benaude, dat alles minder wurdt en ferdwynt en dat wy alles noch better regelje moatte, of is der no in nije beweging geande? Dy't frij is en Frysk brûkt, om't se dat leuk fine. De Hûnekop, de Frysktalige memes en de prachtige Picture Poems: it is allegear taal. As jonge minsken selsbewust dat Frysk brûke, ek op de sosjale media, dan komt it fan ûnder op. Better is der net foar in minderheidstaal. It komt dan út in krêft en net út in eftersteld gefoel."

Emiel, hoe wichtich is dy Fryske taal dan foar jimme?

"Ik fyn datst taal benammen lulle moatst en der net tefolle óer lulle moatst."

Miranda, do hast dy de ôfrûne wiken bot dwaande holden mei de feroaringen yn it Frysk, mar wêr stiet it Frysk oer 10 jier as wy it dy freegje?

"Hmm. Dat doar ik net te sizzen. Mar ik besykje it. Taal is en bliuwt yn beweging. Ik tink dat we oan 'e iene kant mear meartalich wurde, mar oan 'e oare kant ek grif dat Frysk brûken bliuwe, of 'bliuwe brûken' sille wy dan wol sizze. Witst, wy kinne net in grut stek om de taal hinne sette. En dat hoecht om my ek net, want ik soe it skande fine as wy as Friezen minsken bûtenslute. Oan de oare kant fyn ik dat net-Friezen iepenstean kinne foar it Frysk. We binne allegearre minsken en as elk op syn eigen stikje bliuwt, komme wy nea byinoar."

As lêste Emiel, jimme binne twa jier lyn it teäter yngien en Omrop Fryslân stjoert dy registraasje dit wykein út. It teäter is even hiel wat oars. Hoe wie dat?

"It wie earst wol even wenne, mar dêrnei hawwe wy maksimaal geniete."

De dokumintêre 'Dit is ús taal' is snein 15 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Op sneon 14 en snein 15 septimber stjoert Omrop Fryslân om 22.00 oere ek de teätershow fan De Hûnekop út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)