Boargemaster Waanders slút wenbuorkerij yn Frjentsjer om drugs

13 sep 2019 - 15:47

Boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Waadhoeke hat in pân yn Frjentsjer slute litten omdat dêr drugs fûn is.

Foto: Pixabay

De plysje die al op 30 july in ynfal by de wenbuorkerij yn Frjentsjer. Dêrby waarden ferskate kweekromten oantroffen. Yn in pear romten wiene himpplanten oanwêzich. Yn de oare romten wie guod klearset om der in himpkwekerij te meitsjen.

De boargemaster fynt de situaasje sa slim dat se it pân in jier lang slút. Dat moat drugskriminaliteit tsjingean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)