Restaurant Sems yn Ljouwert is ferkocht

13 sep 2019 - 15:37

Restaurant Sems, oan it Gouverneursplein yn Ljouwert, is ferkocht. Nei tsien jier fynt it management fan it ytetablissemint it moai west. Sems sil op 1 oktober 2019 de doarren slute.

Foto: Google Street View

Reden foar it sluten is dat gasthear en hoareka-eksploitant Jeroen Meppelink (37) besletten hat him folslein te rjochtsjen op syn twa oare bedriuwen, dy't better oanslute soene op syn priveesituaasje.

It wie in dreech beslút neffens Meppelink, mar it wie in idee dêr't er al langer mei omrûn. Hy sil him no folslein rjochtsje op de hoareka yn Het Stadslab en it managen fan it Citylab Hotel, beide yn Grins. Meppelink tinkt mei dizze stap ek mear tiid te hawwen foar syn famylje.

Wis is dat der in nij hoarekakonsept yn it monumintale pân komme sil. Wat dat krekt wurdt, wol Meppelink noch neat oer sizze.

(advertinsje)
(advertinsje)