Gijs van Solkema al net mear út Oranje-follybalbasis fuort te tinken

13 sep 2019 - 15:32

Follyballer Gijs van Solkema spilet noch mar sûnt maaie foar it Nederlânske team, mar is no hast al net mear fuort te tinken út de basis. De 21-jierrige Snitser begjint freed op it Europeesk kampioenskip yn Rotterdam oan syn earste wedstriid op it EK tsjin Montenegro. "Zenuwen? Dat valt nu nog mee. Tijdens de wedstrijd misschien."

Syn earste belangrike bydrage oan it Nederlânske team wie in moanne lyn op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai. Nederlân prestearre boppe ferwachting goed en wûn fan België en Súd-Koreä. De lêste wedstriid moast wûn wurde fan Amearika, de nûmer twa fan de wrâld. Nederlân, sels de nûmer 15 fan de wrâld, wie de underdog.

Oranje ferlear de earste twa sets, mar kaam mei Van Solkema yn de basis werom troch de tredde set mei 25-17 te winnen. Ek yn de fjirde set kaam Nederlân foar en in sensaasje hong yn de loft, mar de Amerikanen makken dochs dien wurk en wûnen de fjirde set mei 25-21. "Voor iedere speler is het halen van de Spelen een droom. De grootste droom die ik heb. We zijn er dichtbij geweest", seit Van Solkema.

Foto: Orange Pictures

No krijt Nederlân noch ien kâns. Op in toernoai yn jannewaris spylje de bêste acht Europeeske lannen dy't harren net pleatst ha foar de Spelen mei oan dat toernoai. Mar allinnich de winner fan dat toernoai giet nei Tokio. "Het zijn allemaal sterke teams. Je moet eigenlijk alles winnen. Het is geen makkelijke route. Europa is toch het sterkste continent." Italië, Ruslân en wrâldkampioen Poalen binne al pleatst. Grutste konkurrinten wurde Frankryk, België en Servië. Al dizze lannen steane heger op de wrâldranglist.

Echte follybalfamylje

Gijs komt út in echte follybalfamylje. "Dat kun je wel zeggen. Iedereen volleybalt in de familie." Syn omke wie ek ynternasjonal, syn heit spile op heech nivo yn Nederlân en hy ûntkaam sadwaande net oan de follybalsport. "We groeiden op met de bal. Mijn zus (Wies, red.) speelt beachvolleybal. We ontkwamen er net niet aan."

Famylje Van Solkema

  • Arno van Solkema (omke)
  • No coach fan Donitas yn Grins, 17 kear ynternasjonal

  • Gertjan van Solkema (heit)
  • Follybalde op it heechste nivo yn Nederlân

  • Rik van Solkema (neef, 19 jier)
  • Spilet op it heechste nivo yn Nederlân by Dynamo yn Apeldoorn

  • Wies van Solkema (sus, 18 jier)
  • Beachfollybalster, waard op it lêste NK fiifde, spilet yn de seal by US Amsterdam op it ien-nei-heechste nivo

Gijs van Solkema gong al op syn 16e it hûs út om foar it Talententeam yn Papendal te spyljen. Dêrnei makke hy de stap nei Dútslân. Dêr spilet hy yn ien fan de bêste kompetysjes fan de wrâld by SGV Lüneburg. In klup út Reppenstedt, in plakje mei 3.500 ynwenners ûnder Hamburg. Ferline jier helle Lüneburg de bekerfinale en de heale finale fan de play-offs om it lânskampioenskip.

Yn Dútslân spile hy him yn byld fan Roberto Piazza. De Italiaan waard yn maart bûnscoach fan Oranje en sette de neven Rik en Gijs van Solkema fuort op de longlist foar it Nederlânske team. Rik, noch mar 19, foel ôf. Mar Gijs mocht mei yn de kampanje fan dit jier.

It EK is dêrmei syn earste grutte mondiale toernoai. Mar senuwen kent hy eins net. Van Solkema: "Ik heb hier (Ahoy, red.) natuurlijk ook al het OKT gespeeld. Daarom ben ik dat nu wel gewend. Het is wel verschrikkelijk mooi om dat mee te maken. In zo'n mooie hal, voor zo veel mensen. Daar heb ik zo veel zin in."

(Advertinsje)
(Advertinsje)