Hendrik ten Hoeve, Klaasje Postma en Freark Smink nije leden Fryske Akademy

13 sep 2019 - 15:00

Ald-senator Hendrik ten Hoeve en de akteurs Klaasje Postma en Freark Smink binne freed beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Dat barde op de 81e Akademydei yn Ljouwert.

Ten Hoeve wie 16 jier senator foar de OSF en dêrfoar steatelid foar de FNP. Ald-Tryater aktrise Klaasje Postma hat yn sa'n 60 toanielstikken spile en wie ferline jier noch te sjen yn De Stormruiter. Freark Smink makke furoare as akteur en letter ek by Omrop Fryslân as Sybe Satellyt. De Fryske Akademy beneamt alle jierren in stikmannich nije leden op grûn fan harren fertsjinsten foar de Fryske taal en kultuer.

Hendrik ten Hoeve, Klaasje Postma en Freark Smink - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De 81e Akademydei waard iepene troch ynterim-direkteur Willem Smink. Hy kaam op de tekst oer de stân fan saken by de Fryske Akademy. De Akademy hat al in skoft jildpine en sil reorganisearje moatte om te oerlibjen.

Ferline wike binne twa rapporten oer it takomstperspektyf en de bêste bestjoerskonstruksje fan de Fryske Akademy iepenbier makke. Op grûn fan dy rapporten sil de provinsje Fryslân yn 'e mande mei it ministearje fan Underwiis, de KNAW en de Fryske Akademy in foarstel oer de takomst fan it ynstitút útwurkje. Ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens is freed net oanwêzich op de Akademydei fanwege oare ôfspraken.

Op de Akademydei draait it lykwols net allinnich om de aktualiteit, mar ek om de wittenskip. Promovendus Anne Merkuur hâldt in presintaasje oer har ûndersyk nei feroaringen yn Fryske tiidwurdbûging en wat dat fertelt oer taal. Projektlieder Aldfrysk Han Nijdam komt op de tekst oer it Aldfrysk rjocht en de ynfloed fan it Romeinske en kanonike rjocht yn Fryslân yn de iermoderne tiid.

De Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal, meartaligens en regionale skiednis. It ynstitút is sûnt 1990 liearre oan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW). Wat KNAW-foarsitter Wim van Saarloos oanbelanget, bliuwt dat sa.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)