Brief út Australië: Alex Howard wol graach meisile yn de SKS

13 sep 2019 - 14:53

Alex Howard út it Australyske Melbourne wol takom jier graach meisile op in skûtsje yn 'e SKS. Om dat foar inoar te krijen, hat hy in brief skreaun. Dy brief waard freedtemoarn troch Sebo Buitenkamp fan Terherne op Facebook setten.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De 50-jierrige Howard sylt al sûnt hy lyts is. Hy begûn yn Melbourne op it Albert Park Lake, in mar dy't yn de stêd leit. Hy sylde earst yn lytse boatsjes, mar doe't hy letter oan de universiteit studearre, die hy ek mei yn de 420-klasse en yn lasers.

"Al yn myn jeugd die ik mei oan kampioenskippen hjir yn de steat, mar ek lanlike kampioenskippen ha ik wol syld", sa seit Howard yn in reaksje op Facebook. Twa jier lyn die Howard noch mei oan in sylrace fan it Australyske Darwin nei it Yndonezyske eilân Ambon.

Belangstelling foar it skûtsjesilen

Troch it silen kaam hy yn de kunde mei minsken út Nederlân, dy't him bylden sjen lieten fan it skûtsjesilen. Alex rekke fereale op de bylden en tocht: dêr wol ik ek oan meidwaan. Dêrom hat hy no in brief stjoerd, dy't bedarre by Sebo Buitenkamp.

Foto: Facebook

"De brief is fia Dorpshuis De Buorkerij by my telâne kaam. Ik sit yn de wedstriidkommisje fan It Hearrenfean. Wy organisearje altyd de wedstriid op Terherne. Ik fûn it ferhaal sa bysûnder, dat ik hoopje dat wy der ynfolling oan jaan kinne op ien of oare wize."

Facebookfreonen

Yntusken is Howard op Facebook freonen mei Sytze Brouwer (de skipper fan it skûtsje fan It Hearrenfean yn de SKS) en Harmen Brouwer (skipper op De Drie Gebroeders yn de IFKS). Hy beseft goed dat in skûtsje hiel wat oars is as de boaten dêr't hy sels yn syld hat.

"Sa hat in skûtsje bygelyks in tige swiere gyk dy't oer it dek komt, dus as it trochgiet, sil ik wol wenne moatte. Oan de oare kant, je stappe oan board en moatte sa rap mooglik nei de finish. Dat bliuwt itselde."

Harmen Brouwer fynt it 'machtich'

"Ik seach de brief foarby kommen op Facebook. Dit soart ferhalen fyn ik machtich, dus dêrom bin ik freonen wurden mei dizze man op Facebook", sa seit Harmen Brouwer. Mar oft Brouwer ek in plakje hat foar Howard takom jier?

"Hy mei fansels wol in kear mei te silen as hy yn Nederlân is, mar wy traine bygelyks ek. Ik wit net oft hy it wier meitsje kin dat hy as siler samar meidraaie kin oan board."

Oare skûtsjeskippers

Neist de bruorren Brouwer wurde ek oare skûtsjeskippers fan de brief op de hichte brocht op Facebook. Hoe't ik ek komt, Howard wol sawiesa nei Nederlân komme, sa seit er. Dus krije we miskien wol de earste dielnimmer út Australië yn de skûtsjefloat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)