Stikstofútspraak rekket 1714 projekten yn Fryslân

13 sep 2019 - 16:03

De stikstofútspraak fan de Ried fan Steat rekket yn totaal 1714 projekten yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers dy't de provinsje niiskrekt bekend makke hat. Fierwei de measte fan dy projekten, 378, lizze yn de grutste gemeente: Súdwest-Fryslân. It giet benammen om wenningbouprojekten.

PAS-gebieten yn Fryslân (Programma Aanpak Stikstof) - Foto: Provinsje Fryslân

De Ried fan Steat bepaalde yn maaie 2019 dat de Nederlânske oanpak om de stikstofútstjit werom te bringen en dêrmei kwetsbere natuergebieten te beskermjen, net foldocht oan Europeeske regels. Guon projekten kinne troch it oardiel fan de Ried fan Steat net trochgean. Fergunningen wurde yn guon gefallen net ferliend en yn oare gefallen sels ynlutsen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

It is in yngewikkelde kwestje en in oplossing leit noch net foar de hân. Earder hawwe deputearre Johannes Kramer en Twadde Keamerlid Aukje de Vries al it ien en oar sein oer it probleem. It binne ek net inkeld gemeentlike projekten dêr't it om giet, mar ek projekten fan oare oerheden lykas de wetterskippen, de provinsje of it Ryk. In tal grutte projekten wie al bekend, lykas de renovaasje fan de Ofslútsyk.

110 projekten yn Weststellingwerf

Yn Weststellingwerf giet it om 110 projekten. Dy gemeente leit ticht by in saneamd PAS-gebiet. Weststellingwerf wol net yngean op de fraach oer hokker projekten it no krekt giet, fanwege 'de belangen van de aanvrager'. It docht wol bliken dat it yn dizze gemeente om in grut ferskaat oan oanfragen giet: lânbou, wenningbou (yndividueel en projekten), gaslokaasjes, rekreaasje, eveneminten, ynfrastruktuer, gebietsûntwikkeling en peaskefjurren.

Neiere taljochting

Guon gemeenten jouwe Omrop Fryslân in neiere taljochting by de sifers. Amelân jout oan dat de 15 projekten ûnderferdield wurde kinne yn wenningbou, lânbou, ferduorsuming en oare warberens.

Opsterlân jout oan dat de 102 projekten ûnderferdield wurde kinne yn: 51 wenningbou, 24 yndustry, 14 lânbou, 1 evenemint en 13 oare projekten.

Yn Súdwest-Fryslân giet it om 40 oanfragen foar nijbou fan wenningen (gjin útwreidingen) en 70 oanfragen foar bedriuwen. Yn dy gemeente wurdt noch ûndersyk dien nei it tal bestimmingsplannen, nei ferwachting sille dat der inkelde tsientallen wêze.

Gemeente Hearrenfean seit fierder dat sy net witte of harren list wol hielendal kompleet is en dat de twa grutte projekten wêrby in toetsing nedich is al bekend binne: 'Heerenveen Beter Bereikbaar' en 'Klaverblad Noordoost.'

Net alle gemeenten jouwe ynformaasje

Omrop Fryslân hat earder in ynventarisaasje makke. Guon gemeenten wiene net wis fan it tal oanfragen fan fergunningen en trije gemeenten woene gjin antwurd jaan, om't de provinsje dêrom frege hie. Dat wiene De Fryske Marren, Ljouwert en Skylge. Gemeente De Fryske Marren ferklearre bygelyks: "De provincie heeft daarbij de gemeenten gevraagd om deze gegevens vertrouwelijk te behandelen totdat de Tweede Kamer geïnformeerd is. Aan dit verzoek willen wij gevolg geven. Op dit moment kan ik dus nog niets over aantallen en sectoren naar buiten brengen."

Tal projekten yn Fryske gemeenten dat te krijen hat mei de stikstofkwestje

Gemeente / ynstânsje Tal projekten
Achtkarspelen 72
Amelân 24
Dantumadiel 29
Eaststellingwerf 87
Flylân 10
De Fryske Marren 118
Harns 37
Hearrenfean 46
Ljouwert 121
Noardeast-Fryslân 69
Opsterlân 103
Skiermûntseach 4
Skylge 113
Smellingerlân 96
Súdwest-Fryslân 378
Tytsjerksteradiel 89
Waadhoeke 84
Weststellingwerf 110
Wetterskip Fryslân 46
Noorderzijlvest 1
Provinsjale projekten 77

Hoe sit it ek alwer?

Natuer- en miljeu-organisaasje hawwe rjochtsaken oanspand, om't sy it net terjochte fine dat de oerheid der fanút giet dat de stikstof yn Nederlân ôfnimme sil en dat ek yn de buert fan kwetsbere gebieten wol boud wurde kin of oare aktiviteiten plakfine kinne.

De Ried fan Steat hat bepaald dat it Nederlânske PAS (Programma Aanpak Stikstof)-programma om stikstof tebek te kringen en dêrmei kwetsbere natuergebieten te beskermjen, net foldocht oan Europeeske regels. Nederlân hie besletten dat in projekt stikstof útstjitte mocht as it mar kompensearre wurde soe yn de takomst, ek as it yn de buert fan beskerme natuergebieten wêze soe.

Net yn alle gemeenten is sa'n Natura2000-gebiet, mar om't der yn Fryslân in soad lytse gebietsjes binne, hawwe in soad gemeenten der wol mei te krijen.

Dochs grien ljocht foar guon projekten

Guon projekten dy't troch de stikstofútspraak stillizze, kinne ynkoarten mooglik dochs trochgean. It kabinet komt mei in nije rekkenmetoade dy't it ferlienen fan fergunningen foar lytse projekten wer mooglik makket.

Projekten wêrfan't mei dizze metoade bewiisd wurde kin dat se de natuer net reitsje, komme yn oanmerking foar in fergunning. Fan moandei 16 septimber ôf kinne inisjatyfnimmers gebrûk meitsje fan it rekkenhelpmiddel, seit lânbouminister Carola Schouten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)