Lange file foar Ofslútdyk nei Fryslân: oardel oere fertraging

13 sep 2019 - 13:59

Ferkear dat út Noard-Hollân wei oer de Ofslútdyk nei Fryslân ta wol, moat rekken hâlde mei flinke fertraging. Foar de Stevinsluzen by Den Oever stiet in file fan kilometers lang, wêrtroch't de reistiid oardel oere langer is.

argyffoto - Foto: Raymon Roersma / ProNews

Oarsaak fan de file is in frachtwein mei maleur. Dêrtroch stiet sa'n sân kilometer ferkear sa goed as stil.

Earder op de dei waard noch warskôge foar ferkearsoerlêst op de A7 by Den Oever. Fan moandei ôf is der mar ien rydbaan beskikber op de A7 dêr.

Trefwurden: 
A7 Ofslútdyk ferkear Den Oever
(Advertinsje)
(Advertinsje)