Freedsmerk: "In tunnel nei It Amelân? Wa't dat betocht hat, wegwezen!"

13 sep 2019 - 13:09

Hoe komme we yn de takomst noch op It Amelân? Dy fraach hâldt Rykswettersteat al in skoft dwaande. Trije mooglikheden sille no fierder ûndersocht wurde en ien dêrfan is dy fan in tunnel nei it eilân. Moatte we dy opsje serieus nimme of kin dy fuort wol skrast wurde?

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Fan de Ljouwerter freedsmerk kaam in ferskaat oan reaksjes. "Een tunnel? Naar Ameland? Dat meen je niet! Wat een lachwekkend idee!" Mar ek: "Goed idee, dan binne je ek net mear ôfhinlik fan bepaalde tiden of it waar!"

De gedachte dat It Amelân dan syn eilânstatus ferlieze soe, spruts de measten net oan. Oaren fûnen it gjin beswier. "Jo kinne ommers ek troch in tunnel nei Ingelân!" In frou dat mei de komst fan in tunnel de romantyk ferdwynt: "Als de boot gaat varen begint de vakantie, met onderweg de meeuwen en de zeehondjes. In een tunnel zie je niks."

Wer in oar tocht fuortendaliks oan de ekonomy: "De bouwerij fan sa'n ding soe wol in soad wurk opsmite. Mar ja, de CO2- en stikstofútstjit, dan sitte jo dêr wer mei!" Neffens in oar moat it jild de trochslach jaan: "Wat is it goedkeapst? Dan moatte we dat dwaan."

Freedsmerk oer in eventuele tunnel nei It Amelân

(advertinsje)
(advertinsje)