Nije spylster by froulju VC Snits: Iris Reinders

13 sep 2019 - 12:10

VC Snits hat flak foar de start fan it follybalseizoen noch in nije spylster oanlutsen: Iris Reinders. De spylster is 23 jier en kin út de fuotten op de diagonaal posysje en se kin ek ynsetten wurde op de bûtenoanfal, de saneamde passer-loper posysje.

Iris Reinders oanfallend yn aksje doe't se noch foar Zwolle spile - Foto: orange pictures

Reinders soe yn earste ynstânsje by Voltena (Werkendam) spylje om't se dan it sealfollybaljen goed kombinearje koe mei har beach-karriêre, om't har partner op it strân - Mexime van Driel - dêr ek spile. Van Driel besleat lykwols om op te hâlden by Voltena en sei ek de gearwurking mei Reinders op. Doe hie foar Iris Reinders de kombinaasje mei Voltena net folle doel mear en hat se besletten om werom nei it noarden te gean. Se hat earder yn Assen en Zwolle spile en ferline jier kaam se út yn de Belgyske kompetysje.

Iris Reinders is ek in goede beachfollybalster. Ofrûne simmer hat se faak poadiumplakken helle en se waard sels in kear earste yn in World Toer toernoai.

(advertinsje)
(advertinsje)