Omtinken foar tsjerken arsjitekt Pierre Cuypers yn Heech, Blauhús en Snits
Foar trije tsjerken fan de St. Antonius van Paduaparochy is der fan freed ôf in soad omtinken: de Sint-Jozeftsjerke fan Heech, de Sint-Vitustsjerke yn Blauhús en de Sint-Martinustsjerke yn Snits. Dat bart om't it sneon iepen monumintedei is en om't de Sint-Vitustsjerke yn Blauhús 150 jier bestiet, mar ek om't dizze tsjerken ûntwurpen binne troch de bekende arsjitekt Pierre Cuypers (1827-1921).
Der is in spesjaal boekje makke oer de tsjerken mei in fyts- of autorûte en yn de tsjerken is in tentoanstelling oer Cuypers. Bysûnder is dat in oerpakesizzer fan Pierre Cuypers, dy't sels ek Pierre Cuypers hjit, freed op besite by de parochy komt.
Oerpakesizzer en histoarikus Pierre Cuypers leit út wat der sa moai is oan de tsjerken fan syn foarfaar: "Zijn uitmonstering, kleur en diversiteit. En alles wat er aan onderdelen is: de preekstoel, beelden en de kandelaren. Alles is door hem ontworpen als een totáálkunstwerk. Alles hoort bij elkaar."
Cuypers: "Ik vind het leuk om kennis te maken met de mensen die er enthousiast mee bezig zijn. Vooral omdat de kerken in zo'n mooie conditie zijn, is het fantastisch. Ik ben door het dolle heen."
Fryske tsjerken noch yntakt
It unike fan de Fryske tsjerken, is dat sy noch yntakt binne. Cuypers: "In heel veel kerken is in de jaren zestig de witkwast er overheen gegaan en er zijn ook nog beelden verwijderd omdat men het te druk en te bont vond. Als kerken een andere bestemming krijgen, wordt het interieur er altijd uitgesloopt. Terwijl het interieur eigenlijk een onverbrekelijk onderdeel is van het monument. Het is niet enkel de buitenkant van een gebouw, maar ook de compositie van alles wat erin zit."
Dêrneist is it ek wol bysûnder dat der mar leafst trije Cuyperstsjerken yn ien gemeente binne. "Dat heeft natuurlijk ook een beetje te maken met gemeentelijke herindeling," jout Cuypers ta. Mar: "In Amsterdam zijn er nog een paar meer, maar daar zijn ook kerken afgebroken. Hier is men behoudender en voorzichtiger geweest, en heeft deze juwelen hier kunnen bewaren."
Eins is it frjemd dat de arsjitekt foar Fryslân tsjerken ûntwurpen hat. "De kerken behoorden tot het bisdom van Utrecht waar Cuypers door de bisschop als kerkenbouwer gezien werd als te duur. Men hield hem buiten de deur wat opdrachten betreft. Maar Sible de Blaauw vertelde mij dat die Friezen eigenlijk altijd hun eigen gang gingen. De bisschop zat ver weg en als zij Cuypers wilden hebben dan wérd het Cuypers."
Koster Tekstra fan Heech is der wiis mei dat de oerpakesizzer yn syn tsjerke is. "Sa komt it wol hiel tichtby. Hy is ek histoarikus, dus hy wit der ek wol wat fan." Tekstra hopet op in soad besikers it wykein. "Der is oeral wat te rêden, mar wy tinke wol dat der minsken mei ynteresse op of komme."