Brânwacht: brân yn loads Muntsjesyl duorret noch de hiele dei

13 sep 2019 - 11:51

Hoewol't de brân yn de loads yn Muntsjesyl ûnder kontrôle is, bliuwt de brân noch wol de hiele dei duorjen. Dat seit brânwachtwurdfierder Ingrid Weert. "Er zit nog heel veel vuur in de loods, omdat er veel strobalen zijn. Die zijn heel compact en vatten gemakkelijk vlam."

Foto: Ingmar Vos / ProNews

Boppedat stiet der in stevige wyn. Dy stiet net yn de rjochting fan bewenne gebiet.

De brân yn de loads oan de Nitterswei ûntstie freedtemoarn om likernôch 7.00 oere. Twa oeren letter hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. By de bestriding binne korpsen út de hiele regio ynset. "Toen we aankwamen, was het al een uitslaande brand", fertelt Weert.

"Het kantoor dat voor de loods stond én de loods zelf konden we niet behouden. We hebben er volledig op ingezet om het woonhuis te behouden. Dat is gelukkig gelukt."

Wetter fan grutte ôfstân

By de bestriding hat de brânwacht wetter fan grutte ôfstân brûkt. Weert: "We hebben het transport met waterslangen ingezet. Daarmee kunnen we water van drie kilometer afstand halen. Dat is nodig als er zoveel voertuigen, zoals vandaag, worden ingezet. Anders wordt het waternet hier overbelast."

Oer de oarsaak fan de brân kin Weert noch neat fertelle. "Dat kunnen we nu ook nog niet opsporen, want er zit nog te veel hitte in het pand."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei brânwachtwurdfierder Ingrid Weert

Trefwurden: 
brân Muntsjesyl Nitterswei
(advertinsje)
(advertinsje)