Fytse sûnder ljocht komt Ljouwerter mei mes en GHB djoer te stean

13 sep 2019 - 10:54

Yn de betide nacht fan freed is der oan de Bleeklaan yn Ljouwert in man oanholden dy't sûnder ljocht fytste. Dat kaam de 32-jierrige Ljouwerter djoer te stean. Want it die bliken dat de man in mes en GHB by him hie. Foar it yn besit hawwen fan in wapen en it fytse sûnder ljocht krijt de man in proses-ferbaal.

Foto: Pexels

De plysje fan Ljouwert hat it mes en de GHB yn beslach nommen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert mes GHB Bleeklaan
(advertinsje)
(advertinsje)