Skoft gjin treinen tusken Dronryp en Harns nei ûngelok

13 sep 2019 - 10:32

Op it spoartrajekt tusken Dronryp en Harns rieden freedtemoarn in skoft gjin treinen. Oanlieding wie in ûngelok op it spoar by Frjentsjer. Yntusken is it spoar wer frij en ride de treinen wer.

It stasjon fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ferfierder Arriva hat bussen ynset as ferfanging fan de treinen. De treinen rieden noch wol tusken Ljouwert en Dronryp.

(advertinsje)
(advertinsje)