Strafkommisje KNKB: twadde straf Iseger wie terjochte

13 sep 2019 - 10:29

De strafkommisje fan it keatsbûn KNKB fynt dat keatser Daniël Iseger terjochte in skorsing fan fiif wedstriden krige. Hy keatste yn Huzum as ynfaller op de haadklassepartij, mar dat mocht net. Iseger wie noch skorst, omdat er earder yn Weidum keatst hie foar Huzum.

Daniël Iseger - Foto: Henk Bootsma

Neffens it bûn moat Iseger foar Goutum keatse. Omdat er keatste wylst er noch skorst wie, joech de strafkommisje de keatser in twadde straf. Dy twadde straf bestie út in skorsing fan fiif wedstriden.

Iseger gie dêrtsjin yn berop. De beropskommisje ferwiisde de saak werom nei de strafkommisje. Dy fynt dus dat dy straf fan fiif wedstriden terjochte wie. Seisfâldich PC-winner Iseger kin noch wol wer yn berop gean tsjin de straf.

(advertinsje)
(advertinsje)