Sanne Wevers makket rentree op brêge en balke op It Hearrenfean

13 sep 2019 - 10:19

Turnster Sanne Wevers fan Ljouwert makket sneon har rentree by de ynterlân op It Hearrenfean. Dat is it twadde en lêste kwalifikaasjemomint foar it WK yn Stuttgart, dat yn oktober hâlden wurdt.

Sanne Wevers - Foto: www.orange-pictures.nl

De 27-jierrige Wevers komt yn aksje op de brêge en balke. Op dat lêste ûnderdiel pakte se by de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro goud, trije jier lyn.

Rjochterheup en -skonk

Wevers hie lang lêst fan 'e rjochterheup en -skonk. Nettsjinsteande dy klachten ferovere Wevers ferline jier de Europeeske titel op de balke. Dit jier naam se lange tiid rêst, om hielendal better te wurden yn de oanrin nei it WK. Dêrom die sy yn april ek net mei oan it EK yn Poalen.

Sneon hopet Wevers op It Hearrenfean sjen te litten dat se klear is foar it WK. Har twillingsuster Lieke makke ôfrûne juny har rentree. Sy hie in jier rêst nommen, omdat se fysyk en mentaal 'op' wie.

WK-seleksje

Yn de ynterlân takom wykein draaie Vera van Pol, Eythora Thorsdottir, Naomi Visser en Lieke Wevers in folsleine mearkamp. De oare lannen dy't meidogge binne Hongarije, Spanje en Switserlân. Nei de wedstriid makket bûnscoach Gerben Wiersma syn WK-seleksje bekend. Op it WK moat Nederlân by de top-tolve einigje om in olympysk teamticket foar Tokio 2020 feilich te stellen.

(advertinsje)
(advertinsje)