Kollum: "Hoanne"

13 sep 2019 - 08:43

"Eartiids kraaiden de hoannen, no gapje se. Mei oare wurden: eartiids wie alles better. En ik tink dat it miskien ek noch wol wier is, as it giet om akseptaasje. Want al hoe modern 'genderneutraal' en 'smart' wy de lêste tiid ek wurde, hoe mear der neffens my ek seurd wurdt, en dan benammen oer in oar.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

En dêrom fûn ik it sa moai doe't ik it berjocht lies dat Maurice de hoanne út Frankryk moarns gewoan kraaie mei fan 'e rjochter. De pensjonado's dy't yn in fakânsjewenning yn 'e buert fan Maurice kamen te wenjen, fûnen dat de hoanne te betiid te folle leven makke, mar de buorlju kamen der sels net út.

De eigener fan Maurice hie wol besocht om mei swarte lekkens de hoanne foar de gek te hâlden sa't er net sa betiid wekker wurde soe, mar dat slagge net en úteinlik is it dus in rjochtsaak wurden. Maurice waard yn hiel Frankryk ferneamd en krige út alle hoeken stipe. Sy hawwe it sels al hân oer de 'wet-Maurice' om plattelânslûden te beskermjen.

Ik haw myn hiele libben op it plattelân wenne en wit spitigernôch dat it yndied wol gauris sa giet. Faak binne it minsken dy't foar de rêst ferhûzje nei in doarp en sokken hawwe ornaris ek net in soad mear te dwaan. Dus dy ferfele harren en de nije hobby wurdt dan al gau immen it libben soer meitsje, dy't al skoften op sa'n plak wennet.

De kuolling fan de ierdappelloads makket tefolle leven, einen kweakje te lûd, de trekkers binne te breed, de boeren begjinne te betiid en hâlde jûns te let op. Of sy keapje in hûs neist in skipswerf as neist in kroech. En dan begjinne se nei ferrin fan tiid te mekkerjen oer lûdsoerlêst en belje se oates en toates mei de gemeente. En eintsjebeslút krije se it ek noch foar inoar dat it bedriuw slút of it bist him de bek hâlde moat.

Yn sa'n maatskippij libje wy hjir sa stadichoan. De seursekken hawwe it foar it sizzen en dêrom wie ik ek sa bliid dat Maurice bliuwe mei. Want it giet net om in hoanne, mar om in stânpunt. Prima ast hjir komst te wenjen, mar op it plattelân libje bisten en dy meitsje lûd. Dat heart derby en as it dy net nei 't sin is, dan donderst mar wer op!

En sa heart it, fyn ik. Prima ast tsjinoer in pleats komst te wenjen, mar in boer hat mear drokte as immen dy't de hiele dei thús sit. En no begryp ik wol dat lûdsoerlêst tige ferfelend wêze kin want ik haw der sels ek in hekel oan. Ik soe dan ek noait in hûs neist in doarpshûs, kroech of bedriuw keapje dat oerlêst jaan kin. En wat is oerlêst? Dy grins is net foar eltsenien lyk, mar de lju dy't foar de rêst ferhûzje en neat mear ferneare kinne, jouwe ornaris de measte oerlêst.

Sokke minsken kinne libbens bedjerre. Libbens dy't dêrfoar jierrenlang harren gong giene, sûnder dat der ea in hoanne nei kraaide. Mar dy tiid hawwe wy hân. Wy komme no om yn 'e regels en wetten en dat is sa kompleks wurden dat der hast net ien is dy't it noch begrypt. En wy libje yn in wrâld fan ego's. IK fyn dit, IK fyn dat en IK haw gelyk. Sjoch mar, it stiet sels op Twitter!

Mar yn in echte maatskippij libje minsken tegearre en hâlde sy rekken mei inoar. Sels mei in hoanne! Lokwinske, Maurice!"

(advertinsje)
(advertinsje)