Projekt 'Aanjagers van de Tsjûkemar' klear: nije survivalbaan by Eastersee

Oan de Herewei yn Eastersee wurdt freed in nije survivalbaan iepene. De saneamde Club van Aanjagers van de Tsjûkemar (CvA) hat yn 2015 twa sportive mannen benadere om de Stichting Survivalbaan Eastersee op te rjochtsen: survivalkampioen Kerst Wind en âld-marinier Jeroen Aukema. De CvA wol ûnder oare it sportive oanbod om de Tsjûkemar hinne fergrutsje. De provinsje hat der tegearre mei sponsoaren en frijwilligers foar soarge dat de baan fan 110 meter lang neist de fuotbalfjilden yn it doarp komme koe.
nije survivalbaan by Eastersee
De iepening sil middeis dien wurde troch wethâlder Frans Veltman fan gemeente De Fryske Marren. Der wurde demonstraasjes jûn en der folgje introduksjelessen. Freed is eltsenien wolkom by de iepening.
Der is no in grutte baan mei bannen, touwen, balken, wetter en hindernissen. "Het is 100 meter klauteren, dat ga je in het begin niet in één keer doen," jout Jeroen Aukema as sekretaris oan.
© Aerial Promos & Cine One Films
De CvA is tige wiis mei it resultaat. "Wij hebben ervoor gezorgd dat dit project van de grond komt. Het maakt deel uit van onze doelstelling om het gebied om het Tjeukemeer heen te ontwikkelen, als Club van Aanjagers va de Tsjûkemar. Deze mannen zeiden meteen: wij willen. En wij hebben er als club voor gezorgd dat het kon. Het is het eerste project dat open gaat,' seit Frans Heesen fan CvA.

Apekoai foar grutte minsken

Kerst Wind is fiif kear kampioen wurden mei survival. Hy hat holpen om derfoar te soargjen dat der in goede baan komt. Wind: "It falt wol wat mei, je moatte wat troch klimme en klauwe. Mar it is ek technyk, hear. Ik haw de baan sels mei-ûntwurpen. Wy binne ek troch hiel Fryslân west om fan oaren ôf te sjen: Koatstertille, Ljouwert en De Knipe fansels."
"It is ek in stikje balâns, dat binne wy net mear wend. It is krekt apekoai, mar dan foar grutte minsken," laket Kerst Wind.
Inisjatyfnimmers Jeroen Aukema, Kerst Wind en Frans Heesen oer de baan
Tongersdei waard der al in pupillentraining holden foar sa'n 50 bern. Net samar, want de inisjatyfnimmers soene graach sjen dat bern wer wat mear bewege. "Wy hawwe de bern in iPad jûn, mar dêr krijst se no net mear efter wei. Eartiids wiene wy altyd bûten," seit Wind.
"We klagen allemaal dat we dikker worden en meer eten. Maar we moeten allemaal weer wat meer bewegen," jout Aukema oan.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra moast sels ek efker oer de baan