Auto yn sleat by Warten nei ûngelok mei motor

13 sep 2019 - 08:41

By in ûngelok op de Wâldwei by Warten is freedtemoarn in auto yn de sleat bedarre.

Foto: AS Media

De auto kaam yn oanriding mei in motor. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke. De oanlieding fan it ûngelok is net bekend.

Troch it ûngelok wie de rjochterrydstripe ticht yn de rjochting fan Drachten. Yntusken rydt it ferkear wer.

(advertinsje)
(advertinsje)