Neat mear oer fan loads yn Muntsjesyl nei grutte brân

13 sep 2019 - 08:34

Oan de Nitterswei yn Muntsjesyl is freedtemoarn om sân oere hinne brân ûntstien by in buorkerij yn in loads mei strie. It giet om in grutte, útslaande brân. De loads fan 30 by 65 meter is folslein ferwoaste.

Yn de loads wie ek in kantoar, mar dêr is neat fan oerbleaun. Der wiene gjin minsken of bisten yn de loads oanwêzich. De brânwach set him no yn om it wenhûs te beskermjen.

De brânwachten fan Dokkum, Burgum, Grypstsjerk en Zoutkamp binne oanwêzich.

Protte reek

De reek is yn de omjouwing goed te sjen, ek fan Grinslân út om't de pleats ticht by de provinsjegrins stiet. De brânwacht warskôget minsken yn en om it doarp om ramen en doarren ticht te hâlden en eventueel de meganyske fentilaasje út te setten. Dêrom is der ek in NL-alert útjûn. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik.

Ingrid Weert fan Veiligheidsregio Fryslân

Trefwurden: 
brân Muntsjesyl Nitterswei
(advertinsje)
(advertinsje)