WOZ-wearde Fryske huzen omheech mei 10.000 euro yn in jier

13 sep 2019 - 06:42

It trochsneed fan de WOZ-wearde yn Fryslân is neffens de lêste sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) omheech gien nei 186.000 euro. Dat is 10.000 euro mear as in jier lyn.

Huzen mei de heechste WOZ-wearde steane op Skylge - Foto: ANP

Sûnt 2014 geane de huzeprizen wer omheech. De WOZ-wearde (Waardering Onroerende Zaken) wurdt elts jier troch de gemeente berekkene op basis fan de wearde fan it hûs yn it jier dêrfoar. Sûnt 2015 giet it better mei de wenningmerk en dat is dus ek te sjen oan de WOZ-wearden. Op basis fan de WOZ-wearden bepaalt in gemeente ûnder oare de hichte fan bepaalde heffingen en belestingen.

Yn Fryslân gie de WOZ-wearde mei 5,6 persint omheech, dat it krekt wat leger as de lanlike tanimming fan 7,8 persint. Der sitte grutte ferskillen tusken provinsjes en harren WOZ-wearden.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân sels rint it ek bot út elkoar. Huzen mei de leechste WOZ-wearde steane yn Ljouwert, wylst de djoerste op Skylge te finen binne.

Trefwurden: 
CBS huzemerk WOZ-wearde
(Advertinsje)
(Advertinsje)