Op syk nei nije namme plein Cambuurstadion: hoe moat it plein hjitte?

De bou moat noch úteinsette, mar dat it nije Cambuurstadion der komt is wis. Mar der is in probleem mei de namme fan it plein dêr't it stadion oan komt te stean. It stadion komt ticht by de Alvestêdehal, dy't leit oan it Fryslânplein. Mar foar Cambuursupporters is de assosjaasje mei dy oare klup, fan It Hearrenfean, dan krekt wat te gau makke.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
De gemeente Ljouwert wol it plein, dêr't ûnder oare ek ROC Friese Poort en ferskate winkels komme, in oare namme jaan. No is it op syk nei goede ideeën foar nammen. In spesjale kommisje, mei ûnder oare Cambuurtrainer Henk de Jong en wethâlder fan Ljouwert Hein de Haan, sil dêrnei sjen oft se ien fan dy ideeën foarlizze kinne oan it kolleezje fan Ljouwert. Eltsenien kin oant 1 oktober ideeën ynstjoere.