Baudet en Hiddema prate leden yn Ljouwert wiidweidich by oer it skeel mei Otten

12 sep 2019 - 23:21

Op in drokbesochte ledejûn fan Forum voor Democratie yn Ljouwert kamen Thierry Baudet en Theo Hiddema tongersdei wiidweidich op de tekst oer it skeel mei senator Henk Otten, dy't in eigen partij begûn.

Thierry Baudet op de tekst oer de 'drege simmer' fan Forum voor Democratie - Foto: Omrop Fryslân

De grutte ledejûn fan Forum voor Democratie yn it Ljouwerter Oranjehotel wie bedoeld om de steatefraksje foar te stellen en better mei de leden yn 'e kunde komme te litten. Mar it gie al gau oer salafistyske islamskoallen, dy't neffens keamerlid Theo Hiddema folle hurder oanpakt wurde moatte, mar ek oer de krisis by Forum sels de ôfrûne simmer as gefolch fan it skeel tusken senator Henk Otten en partijlieder Thierry Baudet.

By in eardere grutte partijgearkomste fan Forum waard hielendal net oer de ynterne problemen praat, mar in kritysk lid út Fryslân frege der nei en krige wiidweidich antwurd fan beide keamerleden. "Het is naar, het is kloten en ontzettend vervelend", sei Baudet oer de ôfrûne simmer. "Maar dit maakt ons sterker, denk ik. Wij blijven bij elkaar, want wij hebben een missie."

Ik publyk moast stean op de politike jûn fan Forum voor Democratie - Foto: Omrop Fryslân

Hiddema begrypt neffens eigen sizzen neat fan it ferhaal dat it om in rjochtingestriid gean soe tusken Baudet en Otten. "Ik heb 2,5 jaar met die man samengewerkt en nooit iets gemerkt van een richtingenstrijd. Ja, pas toen de boekhouding niet klopte, begon hij daarover." Hiddema wie neffens eigen sizzen bliid mei de krityske fraach oer de problemen. "Ik houd van kritische vragen."

Forum is yn de simmer geweldich sakke yn de peilingen, mar komt grif wer werom, sa tinkt it duo. "Wij weten hoe we moeten winnen, dat zijn we niet vergeten. Intussen bouwen we aan onze Forum-community, aan de kritische humuslaag in de maatschappij. Hiddema: "Boreale politiek bestaat niet. Ik zou tenminste niet weten wat het is."

It petear oer de ynterne problemen by Forum waard stillein doe't ien fan de oanwêzigen net goed waard en yninoar sakke. De seal waard ûntromme, sadat de frou holpen wurde koe troch ambulânsemeiwurkers.

Theo Hiddema oer de problemen fan de ôfrûne simmer

Twadde Keamerlid Theo Hiddema - Foto: Omrop Fryslân

Op de jûn waard ek praat oer aktuele polityk. Neffens Thierry Baudet geane de stikstofmaatregels fan it sittende kabinet fierstente fier. "Het is een voorbeeld van doorgeslagen klimaathysterie. Grote projecten moeten gewoon afgemaakt kunnen worden. Ga maar na wat voor enorme economische schade dit oplevert."

Hiddema kaam ek wiidweidich op de tekst oer it 'haatzaaien' op salafistyske skoallen. Yn syn fyzje kinne skoallen dy't yn organisearre foarm dêroan dogge, oanpakt wurde as kriminele organisaasje. "Je kunt daar infiltreren, instellingen sluiten en de verantwoordelijken voor de rechter slepen."

Partijlieder Thierry Baudet oer de stikstofproblemen

(advertinsje)
(advertinsje)