Wrâldrekôr foar Liesette Bruinsma op 200 meter wikselslach

Paraswimster Liesette Bruinsma út Wommels hat tongersdei in nij wrâldrekôr swommen op it WK yn Londen. Se pakte it goud op de 200 meter wikselslach en die dat yn in rekôrtiid fan 2.46.49. It âlde wrâldrekôr stie mei 2.46.58, sûnt it EK fan ferline jier, ek op har namme.
© www.orangepictures.nl
Bruinsma wie út 'e skroeven mei har prestaasje. "Wat ontzettend gaaf. Eigenlijk zijn er geen woorden voor. Fantastisch. Bijzonder en enorm gaaf. Het was flink strijden tot het eind. Dan kan ik altijd goed doortrekken. De lijst is compleet: Europees-, wereld- en paralympisch kampioen."
Der wachtsje Bruinsma noch in pear ôfstannen op it WK yn Londen: de 100 meter frije slach en de 400 meter frije slach.