Keunstner Auke de Vries kriget Gerrit Bennerpriis en iepenet eksposysje yn Fries Museum

12 sep 2019 - 22:31

Keunstner Auke de Vries hat dit jier de Gerrit Bennerpriis krigen. De keunstpriis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. De iene kear wurdt er útrikt oan in Frysk talint, de oare kear is it in oeuvrepriis foar in keunstner dy't in soad betsjut hat foar de Fryske keunst. De Vries krige de oeuvrepriis tongersdeitejûn yn it Fries Museum yn Ljouwert, dêr't ek in eksposysje iepene is mei syn wurk.

Foto: Piet Gispen

Auke de Vries is berne yn Burgum, mar wennet al lange tiid yn Den Haag. Dochs fertsjinnet hy neffens de sjuery dizze priis. Syn wurk hinget oer de hiele wrâld yn stêden as Parys, Berlyn en Bangkok.

De keunstner is bliid om op dizze wize wer efkes werom te wêzen yn Fryslân: "Als je hele leven zich afspeelt in bijvoorbeeld Berlijn of Bangkok, dan is het toch wel bijzonder dat er een moment komt dat je hier weer terugkomt."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach mei keunstner Auke de Vries by de eksposysje

De eksposysje mei it wurk fan De Vries is oant en mei 5 jannewaris te besykjen yn it Fries Museum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)