Lintsje foar jierren fan ynset foar Herfoarme Gemeente Hearrenfean

Janneke van der Zee-Oudman (75) fan Rottum is tongersdei keninklik ûnderskieden ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Se krige de ûnderskieding foar har wurk yn de Herfoarme Gemeente Hearrenfean.
© Omrop Fryslân
Frou Van der Zee-Oudman waard berne op 23 augustus 1944 en hat fan 1990 oant en mei 2008 aktyf west yn ferskate funksjes binnen de Herfoarme Gemeente Hearrenfean. Se hie funksjes op bestjoerlik nivo, lykas tsjerkeriedslid en wykâlderling en op it mêd dêr't tsjerke en mienskip elkoar reitsje.
Se siet ûnder oare yn in kommisje foar it iepenstellen fan in jûnsmiel foar bern en joech lieding oan de teenertsjerke. Ek siet se yn kommisjes dy't belutsen wiene by de aktiviteiten fanwegen it 250-jierrich bestean fan de Skoattertsjerke en it skriuwen fan in nij beliedsplan. Sûnt 1992 is se sekretaris fan de Raad van Kerken Heerenveen.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren hat har it fersiersel tongersdeitejûn opspjelde by de jubileumfiering fan 50 jier Raad van Kerken Heerenveen yn de Menistetsjerke op It Hearrenfean.