Man (19) racet 'in plané' mei speedboat oer de Weaze

De plysje fan Ljouwert hat tongersdeitemiddei in 19-jierrige man in proses-ferbaal útrikt om't hy mei syn speedboat troch de grêften van Ljouwert racete. In plysje seach hoe't de jonge skipper 'in plané' oer de grêft by de Weaze skuorde.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Wannear't in boat 'planearret', dan komt in diel fan de boat boppe it wetter, wêrtroch't hy praktysk oer it wetter glydt en de snelheid flink opfierd wurde kin.
De skipper hat in proses-ferbaal krigen foar te hurd farren en it net brûken fan de deademansknop.