Erwin Zwart baalt fan abrupt ôfskied by Oranje: "Unrespektfol fan de bûnscoach"

Kuorballer Erwin Zwart sette woansdei in punt efter syn ynternasjonale kuorbalkarriêre. It abrupte ôfskied kaam ek foar himsels as in ferrassing. De spiler fan LDODK hie sels in ôfskie met it toernoai op de Korfbal Challenge yn gedachten, mar dêr stekt bûnscoach Wim Scholtmeijer in stokje foar.
© Martin de Jong
"Ik hie sawiesa al yn de holle foar mysels om in punt efter myn karriêre te setten en net mear oant it EK fan takom jier oktober mei te dwaan. Mar dat it no sa per direkt is, dat kaam wol wat rau op myn dak. Dat wie net hielendal de bedoeling, want ik ha der dochs sân jier bysitten en dan is it wol in bytsje in aparte meidieling, dat it sa ynienen kaam. Wim (Scholtmeijer, bûnscoach, red.) hat my juster op petear komme litten en hy hat dat beslút naam", seit Zwart tongersdei yn it radioprogramma Weistra op Wei.
Zwart hie de lêste tiid muoite om him op te laden foar ynterlannen mei Oranje. "Dat ha se miskien wol witten. En dêrom ha se op in gegeven momint sels dat beslút naam. Mar dat it dan juster yn it petear komt en dan sa per direkt is, dat is wol apart. En dat fyn ik ek wol ûnrespektfol fan harren kant", sa seit Zwart.

Botsing mei Scholtmeijer

De Fryske kuorballer kaam regelmjittich yn botsing mei de bûnscoach. "Myn relaasje mei Wim wie de ôfrûne twa jier al folle minder wurden. En dat is ek in puntsje: Wim kin net goed oer krityk. Ast him krityk joust, dêr hat er in hekel oan. En dat is no ek wol wer dúdlik syn punt, dat hy eigentlik net folle respekt foar my hat. Dat ik nei sân jier international te wêzen net iens in weardich ôfskied krij."

Goed gefoel

Dochs hâldt Zwart, dy't trije kear Europeesk kampioen en twa kear wrâldkampioen waard mei Oranje, wol in goed gefoel oer oan syn tiid by it Nederlânsk kuorbalteam. "Ik ha gewoan in hiele moaie tiid hân mei de hiele groep. Dan meitsje je geweldige dingen mei. Tripkes en trainingswykeinen. Wat gewoan fantastysk is. Dat je mei in groep earne hinne wurkje. Dêr wol ik foaral oan weromtinke."
Erwin Zwart yn Weistra op Wei oer syn ôfskied