Maksimale wurkstraf foar man dy't húsgenoat oanried op Skylge

12 sep 2019 - 20:19

In 24-jierrige man út Grins dy't op Skylge dronken yn in auto stapt wie en dêrnei syn húsgenoat oanried, hat fan de rjochtbank yn Ljouwert de maksimale wurkstraf fan 240 oeren krigen. Dêrneist krige hy in rydûntsizzing fan ien jier ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De twa wurken beiden as fakânsjekrêft by in supermerk op it eilân en se hiene yn Midslân op stap west. De Grinzer wie yn de auto stapt om werom te riden, syn húsgenoat wie op de fyts. Se hiene beiden te folle drank hân en beiden hiene se it ljocht net oan. Neidat de man yn de auto it slachtoffer oanriden hie, ried er troch.

It slachtoffer hat bliuwend harsenletsel oprûn troch it ûngelok. Hy koe syn stúdzje net ôfmeitsje en is koartlyn folslein ôfkard. De rjochter hâlde der by de straf rekken mei dat de feroardielde bot ompakt mei wat der gebeurd is.

(advertinsje)
(advertinsje)