Fjoerbal sjoen boppe Fryslân: "It is echt oars as fjoerwurk"

12 sep 2019 - 20:03

In soad minsken yn Fryslân en de rest fan Nederlân seagen tongersdeitemiddei frjemd op. Om trije oere hinne wie der in heldere ljochtstriel mei in griene gloed yn de loft te sjen. Nei alle gedachten gie it om in meteoryt, dy't troch de dampkring gie.

Argyffoto - Foto: Pexels.com

Alie de Haan fan Spannum hat de ljochtstriel sels net sjoen, mar har bern wol. "Ik siet mei in kollega foar it hûs fan de sinne te genietsjen en doe kaam der ien bern thús út Boalsert en sei: 'mem, mem, ik ha in meteoryt sjoen'. Doe kaam de folgjende: 'mem, mem, ik ha in meteoryt sjoen'. Ik tocht, dit kin dochs net. Mar ik leau dat it kloppet."

De Haan tocht earst dat it wol fjoerwurk wêze soe, mar neffens har bern wie dat net sa. "Nee, it is echt oars as fjoerwurk, want dat kenne se hjir wol. Se seinen dat it earst hiel fel wie en it wie by Kûbaard. Se wienen op de fyts en fan de dyk ôf seagen se dat ding boppe Kûbaard skean nei ûnderen gean."

Se ha melding dien fan de fjoerbal op werkgroepmeteoren.nl. De wurkgroep hat net allinnich meldingen út Nederlân krigen, mar ek út Dútslân, Denemarken en Ingelân, meldt de NOS.

Alie de Haan fan Spannum oer de ljochtstriel dy't har bern seagen

(Advertinsje)
(Advertinsje)