Wetterskippen teste nije soarten asfalt foar op seedyk

12 sep 2019 - 18:08

Om út te finen hoe't ús seediken sterker wurde kinne, is Wetterskip Fryslân mei twa oare wetterskippen úteinset mei in proef tusken Westhoeke en Swarte Hoanne. De wetterskippen teste trije ynnovative wizen om te sjen oft de seedyk dêr sterker fan wurdt.

Foto: Wetterskip Fryslân

Trije 'proeffakken' fan 1.500 kante meter binne folle mei ferskate mingsels fan asfalt en oare lagen. "Zijn er innovatieve asfaltmengsels, asfaltconstructies of aanbrengtechnieken die onze zeedijk sterker maken en klaar voor de toekomst?", wie de fraach fan de wetterskippen.

In pear oannimmersbedriuwen ha dêrop reagearre en kamen mei oplossingen dy't rekken hâlde mei it opnij brûken fan materialen.

Foto: Wetterskip Fryslân

Goed 500 kilometer oan diken lâns de Nederlânske kust is (diels) asfaltearre. In grut diel fan de asfaltbeklaaiïng is âlder as tritich jier en fertoant stadichoan hieltyd mear mankeminten. In diel is al ôfkard. De techniken en metoaden foar asfaltbeklaaiïngen op diken binne net in soad feroare yn de ôfrûne desennia. Dêrom hoopje de wetterskippen no op in sterkere en mear duorsume beklaaiïng foar de takomst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)