Renovaasje Ofslútdyk kin trochgean, want fergunning bliuwt jildich

De renovaasje fan de Ofslútdyk kin foar in grut diel gewoan trochgean, nettsjinsteande de stikstofútspraak. Dat fertelt Bart Visser fan Rykswettersteat. De fergunning foar dy renovaasje bliuwt jildich.
Ofslútdyk © Shutterstock.com
In protte is noch ûndúdlik oer hoe sterk projekten troffen wurde troch de stikstofútspraak. Projekten wêrby't te folle stikstof útstjitten wurdt, meie troch de útspraak net mear trochgean. RTL Nieuws publisearre woansdei in list mei 127 Ryksprojekten dy't stil komme te lizzen. Dêrby hearre fjouwer projekten yn Fryslân.
Ien fan de projekten is de Ofslútdyk. Mar dan giet it dus net om de folsleine renovaasje, seit Visser. "Als een vergunning is verleend en 'onherroepelijk' is, dan kan zo'n project doorgaan, gelukkig. Die juridische term 'onherroepelijk' is hierbij heel belangrijk."

Stienbeklaaiïng

Dochs kin net al it wurk oan de Ofslútdyk trochgean. De natuerfergunning foar de stienbeklaaïing oan de Iselmarkant fan de Ofslútdyk wie noch net 'onherroepelijk', dus dat wurdt wol rekke troch de stikstofútspraak. It giet om in stik fan sa'n tsien kilometer.
Foar Rykswettersteat bliuwe de eksakte gefolgen fan de stikstofútspraak foar in grut part ek ûndúdlik. "Wij wachten ook nog op brieven van het kabinet. En we zijn afhankelijk van de commissie-Remkes." Dy kommisje sjocht nei oplossingen foar de problematyk en komt letter dizze moanne mei advys, is de ferwachting.