Sinneboaten dogge rekôrpoging op de Iselmar

12 sep 2019 - 17:23

De twa bêste sinneboat-racing teams fan de wrâld dogge sneon in rekôrpoging op de Iselmar. De twa sinneboaten geane mei elkoar de striid oan om de rapste tiid del te setten. Oant no fearen de teams allinne op binnenwetters yn Nederlân, in part fan de Gardamar yn Italië en lâns de kust fan Monako.

Foto: New Nexus

Piloat Rik Pomstra fan DB-20 Solar Boat Racing Team en piloat Jasper Spaans fan New Nexus Solar Racing Team meitsje de oerstek fan Starum nei Enkhuizen. It binne piloaten, omdat de boaten mei in bytsje gong net mear farre mar 'fleane' oer it wetter. De hiele romp fan de boat komt dan folslein boppe wetter en allinne de wjukken reitsje it oerflak noch.

Folchboaten

De racers wurde folge troch twa boaten mei taktyske teams oan board. Dy ynstruearje de piloat op grûn fan data dy't ûnderweis mei de sensoaren yn de boat sammele wurde. De sinneboaten dogge nei alle gedachten tusken de 70 en 90 minuten oer de oerstek. Se begjinne sneon om 12.00 oere yn de âlde haven fan Starum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)